Simon Minnesma, Karel Nijman en Folkert van der Wei winnen 56e Lytse PC

Zaterdag 11 september heeft het partuur van Simon Minnesma de kransen gewonnen in Mantgum. Minnesma werd uitgeroepen tot koning van deze door harde wind geteisterde 56e editie van de Lytse PC. Lees verder voor een wedstrijdverslag en bekijk de uitgebreide fotoreportage in het betreffende fotoalbum (zie menu).

De tweede prijs werd gewonnen door de PC-winnaars van 2004 Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniël Iseger. Derde prijzen waren er voor de parturen Pieter Otte Kingma, Hylke Bruinsma, Peter de Boer en Pieter Bakker, Peter Dijkstra, Marten Hiemstra. Partoer Simon Minnesma oertsjoegjend winner fan 56-ste Lytse PC (een wedstrijdverslag van Popke van der Zee). Ut in list fan 26 partoeren makken Simon Minnesma en syn maten Folkert van der Wei en Karel Nijman harren rol as favoriten ôfrûne sneon yn Mantgum mear as wier. Mei boartlik gemak stiene se yn fjouwer omlopen mar fiif earsten ôf op harren paad nei de finale. Yn de finale soene se it dreger krije wie de ferwachting. Want ek de PC winners fan dit jier, Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniël Iseger diene wat fan harren ferwachte waard. Dêrmei wie in hope en ek ferwachte finale in feit tusken de beide partoeren dy’t yn de lêste siklus fan de earste klasse in protte krânsen pakten. Johan Abma c.s (75 punten) op ôfstân winner en Simon Minnesma c.s benammen de lêste wiken oergryslik op dreef. Dat koe en moast eins wol in moaie finale opleverje. Seis keatsers yn de krite, seis PC winners fan langer (Simon) of koarter lyn (de oare fiif). Dêrmei wie ien ding wis: der soene trije nammen tafoege wurde op de lange list mei nammen fan Lytse PC winners dy’t op de wat langere list fan de Frentsjerter PC steane. Spannend waard de finale lykwols eins noait. De topfoarm fan Simon Minnesma en dy de lêste wiken en ek op dizze dei wie tefolle foar pertoer Abma. Op fiif om ien en seis gelyk beslikke Minnesma de partij yn styl mei in sitbal. Lykas sa faak waard it ferskil makke oan de stuiten. Abma hie 8 missers (twa kear op ‘e seis) mei twa fan Daniël en gjin sitballen. Minnesma hie mar twa missers (noait op beslissende mominten) en 4 sitballen. Statistysk wie it perk fan Iseger en Scharringa sterker, acht kear direkte winst tsjin trije kear foar Nijman en Van der Wei. Dat levere wol punten op mar noait it earst. Altyd wie it op de beslissende mominten dat Minnesma sterk opsloech of Abma it perk miste. Spitich foar Abma dy’t de kâns op in tredde titel yn alle funksjes (yn 1996 as foarynse en yn 1999 as achterynse) en no as opslagger gund hie. Seker nei syn operaasje fan ‘e wike wie it al in prestaasje dat hy hjir hjoed al wer op it fjild stie. Hy hie mei syn maten ek it twadde partoer yn de histoarje wurde kinnen mei de priis op beide PC’s It keninklike keatsen fan Simon Minnesma waard terjochte beleanne mei de keningspriis. In moaie útsetter foar dit pertoer fan team Score dy’t alle wiken yn Mantgum treend. Suver in thúswedstryd dus. Sportyf en kwa spanning bleau de 56-ste Lytse PC de hiele dei ûnder de mjitte. Ferrassings wiene der eins ek net. De heale finalisten hiene suver fan te foaren al ynfold wurde kinnen sjoen de gearstalling fan de list. Njonken de neamde grutte favoriten wist it partoer fan Pieter Bakker, Peter Dijkstra en Marten Hiemstra (promofeard en dus takom jier haadklasse) al bûkeljend de leste fjouwer te heljen. Pieter Otte Kingma, Hylke Bruinsma en Peter de Boer makken it fjouwertal kompleet, nei twa kear in ferrassend maklike 5 om 1 en in steand nûmer. Sawol Pieter Bakker cs as Pieter Otte Kingma en dy waarden mei fiif om ien resolút oan de kant setten. Dochs wer in pryske foar Peter Dijkstra dy’t 19 kear op rige meidien hat en altyd smaakmakker is mar noch noait winner. De geweldige sfear yn en om it fjild makke in soad goed. Alle jierren is it mei rjocht in slotfeest. In feest fan ryp en grien, fan kommende en geande generaasjes. In feest fan ôfskie: fan it keatsseizoen en fan keatsers dy’t de want foar goed yn ’t fet sette. Fan Gerrit Bylsma, sa faak gangmakker yn de neisit, krige nei in romleas ferlies yn de earste omloop, dochs in krâns fan syn maten Thomas van der Meer en Hendrik de Jong. It spul waard apart foar him stillein. Ut namme fan alle keatskollega’s waard hy mei de ek ôfskienimmende Hessel van der Woude foar de finale ek nochris huldige troch Mannus van Weert. Marten Hiemstra kaam ek noch mei in nijtsje dat wol tekenjend neamd wurde kin foar de sfear fan kammeraadskip ûnder de earste klassers. Fan dit seizoen ôf sil elk jier in wikselpriis útrikt wurde oan in ferstjinwurdiger fan it omsittend laach: in trouwe, entûsiaste fan. Dy eare foel dizze earste kear ta oan de hear en mefrou Janse. Fertsjinwurdigers fan in trouwe oanhing want neffens Marten Hiemstra wiene der wol tsien sterke kandidaten. De priis, in tinnen skaal, hat de namme fan de earste winner meikrigen: de Janse-skaal. De goeie sfear op it fjild krige in heftich ferfolch oan de bar yn it moaie doarpshûs dêr’t keatsers en publyk meiïnoar noch in , om de wurden fan Gerit Bylsma te brûken, bakje tee nuttigen. Gerrit hat ôfskie nommen as keatsers mar as tekstskriuwer, gitarist en sjonger moat hy mar fêst ynhierd wurde foar de neisit mei tee. Popke van der Zee

Geplaatst op 12 September 2004